flyer gouden dagen 1989, 28 jannewaris

kluchtich blijspul fan Froukje Annema


Regy:
Afke Lemstra

 

Koarte ynhâld:
Jan en Maaike, beide om 'e 40 jier hinne, binne op 't stuit wat opinoar útsjoen; se ornearje, se moasten it marris in moannelang (ynearsten) op prebearjen bûteninoar sjen te rêden. Sadwaande begjint it stik op it stuit dat Jan him (mei de kanarje) foar fjouwer wike nei wenjen set op in oanklaaid flatsje yn 'e stêd. Hy stelt him wit wat foar fan de frijheid, mar hy is noch kwalik hússittende of de neiste buorlju rinne him de drompel al plat om yn 'e kunde te kommen en him mei allerhande saken lêstich te fallen. Lokkich bellet der in freon op, dy 't him in wykein mei ha wol te fiskjen. De hierbaas makket fan dizze gelegenheid gebrûk om Jan syn flat datselde wykein te ferhieren oan in befreone steltsje. Wat der him yn sa 'n sitewaasje ôfspilet kin men fan tinken wol ha, foaral as men wit dat Jan syn Maaike de helte fan dat steltsje útmakket en Jan om 't strieminne waar sonder euvelmoed "thús" komt.


Spilers:

Ruurd Span, Bettie van Berkum, Paula de Jong, Folkert Braaksma, Albert Nieuwenhuis, Rob Holleman, Henny Calsbeek

Meiwurkers:

Adri v/d Meer, Sietse Jonker, Ida Holleman, Meint Span, Bearn Calsbeek, Hennie Calsbeek, Hannie Tadema

gouden dagen 01gouden dagen 02

gouden dagen 03gouden dagen 04