1989, 18 novimber
klucht fan Jan Hoogeveen
fryske bewurking Rense Westra
Regy: Derk Smids
Koarte ynhâld:
De tiid dat heit en mem útmakken mei wa't jongfammen trouden leit fier efter ús. As Rike fernimt, dat hja troch har ferstoarne heit fersein is oan immen dy't hja noch nea sjoen hat is der mar ien andert.... Nee!! Dochs lit se har troch har omke Sander meitrúne nei filla "Rêst en Wille" dêr't men alles fine kin útsein rêst en wille. Muoike Charlotte wachtet dêr al jierren fergees op in frijer, har húsfeint Joast op in byfertsjinste en tsjinstfaam Klaasje op in gelegenheid wat oars op tafel te setten as tee en rys mei kaniel. De komst fan in flinterfanger út Afrika, in projektûntwikkelder, in nachtklupdûnseres en de ynkertiering fan de Nasjionale Reserve bringt feroaring.
Spilers:
Folkert Braaksma, Hinke Hiemstra, Sietske vd Sluis, Rob Holleman, Ruurd Span, Hannie Tadema, Piet Tadema, Bettie van Berkum, Lieuwe vd Meer
Meiwurkers:
Adri v/d Meer, Sietse Jonker, Ida Holleman, Meint Span, Anneke Rijpstra, Bearn Calsbeek, Hennie Calsbeek, Hannie Tadema