webaffiche lyfke 2 2006, 27 & 28 jannewaris

klucht fan John Patrick
fryske oersetting Roel Klynstra

Regy: Simen Fopma

 

Koarte ynhâld:
Yn “Om it libben fan Lyfke” bedarje trije oplichters by in iensum, al wat âlder wyfke. Oant no ta wie harren karriere yn ‘e misdie net botte suksesfol ferrûn, mar no sille se einlings de grutte klapper meitsje dy’t oan alle gesappel in ein makket. Yn dizze klucht kinne jim sjen dat sels de grutste kriminelen earne in weak plakje hawwe dat der foar soarget dat harren snoade plan net trochgiet. Hokfoar freeslike metoaden der ek brûkt wurde, Lyfke bliuwt libjen. Sels de healwize dokter en de plysjeman helje it lêste bedriuw. Allinne menear Oscar ferstjert op tragyske wize. Krapoan fyftjin jier âld mocht ‘er wurde, de siel. Mar hawar, dat is al hiel moai foar in kat.