moarn wer in dei web 2008, 26 jannewaris & 2 febrewaris

fan Marc-Gilbert Sauvajon
fryske oersetting Gerrit Mulder

Regy: Simen Fopma

 

Koarte ynhâld:
Moarn komt der wer in dei. In wierheid as in ko fansels. Mar wat is wiisheid; Soargje dat de dei fan moarn net tefolle ferfelende saken bringe kin? Of je mar noflik deljaan, yn ‘e wittenskip dat men net hoecht te pikerjen omdat it dochs oars komt. Och, wêr kinne wy hjoed de dei noch wis fan wêze? Jo fêste wurk? Sjuch ris yn ‘e krante nei de ûnbetrouwberens fan de grutte bedriuwen. Al dy reorganisaasjes, fúzjes, ynkrimpingen en falliseminten sette jo fan ‘e iene dei op ‘e oare samar op ‘e dyk..... Fuort fêste baan! Kinne jo wis wêze fan ‘e leafde? Wa wit bedondert jo frou jo wol, jo freon as freondinne! Wat wit men no fan dat famke as dy jonge dat sa aardich wie op dat feestje, yn ‘e auto as yn bêd? Kinne wy ússels wol? It libben is der om te libjen. Moarn komt der wer in dei.