2011, 29 jannewaris & 5 febrewaris
komeedzje fan Carl Slotboom
fryske oersetting Abele Krist
Regy: Anne Nicolai
Koarte ynhâld:
Rimer en Durkje Koenen keapje in âld, mar foarnaam, hearehûs. It spoeket dêr en it ferhaal giet dat de foarige bewenner dêr syn frou fermoarde hat. Durkje tinkt dat har man apparatuer oanlizze litten hat mei lûden fan stappen, kreakjen en wyn, sadat er har gek ferklearje litte kin. Hy hat nammentlik in ferhâlding mei syn sekretaresse. Syn frou hat in grut kaptaal en dat soe er wol brûke kinne. It draait út op in seânse dy't bekentenissen en ophelderingen te weech bringt.