affiche ja dochter small 2013, 2 & 9 febrewaris

in kluchtich blijspul fan Carl Slotboom
fryske oersetting Abele Krist

Regy: Anne Nicolai

 

Koarte ynhâld:
Wylst Lysbeth Venema tinkt dat har man in dreech sakepetear fiert, set Rudolf yn werklikheid de blomkes bûten. As Lysbeth de oare moarns op har teannen troch it hûs rint om him de kâns te jaan út te sliepen, wurdt der troch in taksy sjauffeur in hântaske ófjûn dat de foarige jûn yn de taksy lizzen bleaun is wêrmei Rudolf nei hûs kommen is. It begjin fan in betiizjende saak wêryn Rudolf efterinoar in bûtenechtlike dochter en in sakerelaasje út it neat tefoaren bringt. As dizze beide minsken ek werklik op it toaniel ferskine, wurdt it foar Rudolf behoarlik problematysk.