bm web affiche 03 2014, 1 & 8 febrewaris

klucht yn trije bedriuwen fan Mary Bakker-Schoon
fryske oersetting Siep Jorna

Regy: Jellie Geerdink

 

Koarte ynhâld:
As kaptein Rein en syn stjoerman Brant har âlde frachtskip de "Bloody Mary", ombouwe litten ha ta cruisskip, tinke se dat se op dy manier gau in soad jild fertsjinje kinne.

De "Bloody Mary" sil in cruise meitsje lâns de moaiste plakjes fan de Middellânske See. Op it lêste momint, springt der in ferstekling oan board. As se dy pas op folle see ûntdekke en hearre wêrom 't er op 'e flecht is, beseffe se dat se gjin inkele havenstêd mear oandwaan kinne.

Dan binne der de nedige swierrichheden mei de passazjiers. Hessel Feitsma, dy 't stikem in plezierreiske mei syn sekretaresse Elske Hietkamp makket, komt der achter dat syn frou ek oan board is. Dan ha je it krekt troude stel, Doede Gjaltema en syn keken wyfke Geeske, dy 't de breidssuite reservearre ha. Greta Stoet, in eksintrike keunstskilderes, hat in eachje op 'e kaptein.

As dan blykt dat it skip sa lek is as in traaljekoer, dan komt it wiere aard fan sommigen ynienen boppe wetter. Konsternaasje rûnom!