toanielferiening DTD streamt foarstelling

Sneon 1 maaie is it safier, dan binne de spilers fan toanielferiening de Trije doarpen foar it earst sûnt 2015 wer te bewûnderjen.
Net yn doarpshûs De Weeme, net yn in oantal tunen, mar gewoan by jo thús op it tv- of kompjuterskerm.
Dat heart wakker eigentiidsk en modern, mar yn feite is it in needgreep en dêrmei de safolste feroaring fan in plan dat der in healjier lyn noch hiel oars útseach.

In fjouwertal - Dick Gardenier, Theo vd Molen, Sietse de Vries en Klaas Zwart - organisearre yn 2018 ûnder de wat opskepperiche titel Teaterakademy in toanielkursus en -foarstelling op 'e Doarpstun yn Snakkerbuorren. It projekt waard ôfsletten mei in batich saldo fan 3000 euro.
De fraach oan 'e provinsje - de grutste subsydzjejouwer - oft se dat jild brûke mochten foar in folgjend projekt, waard ynstimmend beantwurde.
De fjouwer besleaten om kontakt te sykjen mei toanielferiening De Trije Doarpen. It soe moai wêze as dy mei sa'n projekt nij libben ynblaasd wurde koe.
Lisa Romkes út Lekkum, dy't oan NHL-Stenden foar dosint teater leart, waard frege om mei in ploechje spilers in foarstelling te meitsjen. It soe har ôfstudearprojekt wurde.

In ploechje fan tolve spilers is yn septimber 2020 úteinset mei in oantal ymprovisaasjejûnen. Nei oanlieding dêrfan waard besletten om in oanpaste ferzje fan de klucht Wy spylke Macbeth fan David McGillivray en Walter Zerlin Jr. te spyljen. De ploech hat wakker oan it tekstlearen en repetearjen west, mar in pear moanne lyn waard dúdlik dat in foarstelling mei publyk der fanwegen de koroanamaatregels net ynsiet. Lisa stelde as alternatyf foar om in oantal sênes út suksesfoarstellingen yn tunen te spyljen en it publyk yn groepkes by de tunen lâns te lieden. De rûte wie al útset, mar mei it oprinnen fan de koroanasifers kaam ek dat plan yn 'e kiif te stean.

It nije plan is dat wy de spilers fan Wy spylje Macbeth de útsochte sênes yn dyselde tunen opnimme, oanfold mei kostúms en foto's fan de oarspronklike útfieringen.De útstjoering fan dy sênes is sneon 1 maaie om 19.00 oere.
Minsken kinnen har opjaan fia . Se krije op 1 maaie in link nei de livestream op YouTube. De tagong is fergees.
Te sjen binnen sênes út ûnder oare 'It feintsje fan myn frou', 'Gewoan te gek', 'Twa' en it op Fawlty Towers basearre 'Stjerreslach'.