Toanielspilers socht!
Toanielferiening De Trije Doarpen en inkelde losrinnende teaterleafhawwers út Lekkum en Snakkerbuorren wolle ein dit jier mei in groep amateurspilers in foarstelling jaan yn doarpshûs De Weeme. De foarstelling is een ferfolch op de teaterkursus dy't Raymond Muller en Zen Roorda yn 2018 jûn ha op 'e Doarpstûn yn Snakkerbuorren.
In stikmannich dielnimmers oan dizze kursus hawwe foarich jier op it doarpsfeest mei spile yn it stik oer 100 jier Doarpsbelang. Wy tinke dat troch it entûsiasme fan spilers en frijwilligers oan dizze jubileumfoarstelling der ferskate doarpsgenoaten binne dy wolris wat faker op 'e planken stean wolle.
Lisa Romkes út Lekkum - oplieding dosint teater oan NHU Stenden - sil it stik regissearje. It ûnderwerp fan de foarstelling sil in oerlis mei de spilers útkeazen wurde. At der in kar makke is, wurdt sjoen of der in besteand stik ynstudearre wurde sil ôf dat de spilers in foarstelling meitsje op basis fan eigen ferhalen.
De repetysjes begjinne yn septimber, de foarstelling is dan ein jannewaris 2021 yn De Weeme.
Der is in maksimum oantal fan 15 spilers, dus wêz der fluch by.
Opjaan kin by Dick Gardenier () , Theo van der Molen (), Lisa Romkes (lisa.),
Sietse de Vries () en Klaas Zwart ().