unthalderstoaniel01 Lykas yn 'e measte Fryske doarpen wenje ek yn Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren in protte minsken mei niget oan toaniel. Foar safier wy neigean kinne is soks net fan 'e lêste tiid. Sa witte wy bygelyks dat de bekinde Fryske toanielskriuwer Tjeerd Ritske Veldstra yn 1840 te Lekkum berne is. Al yn 1868 waard it toaniel- en sangselskip Gysbert Japiks neamd, dat bestien hat oant 1957 ta. Letter wie it Unthâlderstoaniel dat fan 1920 oant ca. 1965 yn ús doarpen de planken waarm hold.

Hjirmei is it in skoft út west mei toanielspyljen. Dit koe ek slim oars want nei it ferdwinen fan seal Kabel op Snakkerbuorren en letter 't Jong Leven gebou wie der gjin plak mear foar repetysjes en útfieringen. Dochs wie it sa dat men hjir mei jubileumfeesten ensfh. leafst sels de musikal as de revú fersoarge. Nei it ta stân kommen fan it Doarpshûs, de opfiering fan in revú by it 100 jierrich bestean fan 'e skoalle en in iepenloftspul by it 40 jierrich bestean fan 'e kuorbalklub, wie it gjin wûnder dat yn 1977 besletten waard ta it oprjochtsjen fan in nije toanielferiening.

Ut nammen as "Tosjodo" (Toaniel, Sjongen en Dûnsjen), "Opnij Begûn" ensfh. is in 1980 de namme "De Trije Doarpen" keazen en sûnt 1984 as sadanich ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel. Nei in pear jier prebearjen is de feriening yn 1980 lid wurden fan it Bûn Fan Fryske Toanielselskippen. Mei sa'n 130 oare selskippen wurdt alle jierren oan 'e kriich meidien.



Jongerein:

jeugdtoanielIn 'e begjin jierren wie d'r ek in jongereinploech. Mei "De Doaze fan Otar", "Trije besten yn 'e nesten" en in stik of wat ien-akters hawwe se in protte sukses hâwn. Mar nei in pear jier waard 't wat minder en die pear die oer bleaune kamen by de grutteren. In 1988 is d'r nog in kursus west foar dizze kategory en in útfiering yn 't Doarpshûs.

In 2000 waard 't op nei besocht om wer wat mei de jongerein te dwaan. Ûnder lieding fan Renie Zuiderveld en Ytsje Noordenbos waard útein set mei sa'n 15 jongeren en 't earste wat se krigen wie in toanielcursus fan sa'n 10 jûnen. Nei ôfrin fan dizze cursus wie d'r ek nog in útfiering yn theater Romein en mei nog in pear selskippen waard er in ymprovisaasje delset yn 't programma "pulp en fictie".

Sa ha ek guon meidien mei ús 25 jierrich jubileum. Mei in pear foardrachten en sketskes hawwe se harren toanielkeunsten oan it publiek sjen litte kinnen.